Weromsjen mei nostalgy en grutskens

door: Berber Bijma
(met toestemming overgenomen uit het tijdschrift De Moanne (nr. 6, 2007) zie ook: www.demoanne.nl
)


Yn 1990 sleat it Ljouwerter konservatoarium de doarren as gefolch fan it Herenakkoord dat yn dat jier sletten waard. Ljouwert en Grins ferdielden de grutte ynstituten. De muzyk, ynklusyf it Frysk Orkest, bedarre yn Grins. De drokte om dat beslút is aardich saksearre, mar stiet deselden dy’t dermei te krijen hienen noch goed foar de geast. Twa cd’s dy’t dizze dagen ferskynd binne, helje oantinkens oan de eardere Fryske muzykkultuer nei boppen. Grutskens om wat west hat stiet foarop, mar in gefoel fan ferlies is der ek noch altyd.

In lytse fjouwerhűndert reunisten hellen ferline moanne [23 juny] yn ’e Ljouwerter Harmonie oantinkens op oan de eardere Muziekpedagogische Akademie (MPA) fan Ljouwert, dy’t letter konservatoarium waard. MPA en konservatoarium hawwe meiďnoar sa’n tűzen studinten hân. De hege opkomst by de reuny seit wat oer de sfear op it eardere Ljouwerter muzykynstitút, of eins oer de hiele eardere muzykkultuer yn Fryslân. In soad minsken sjogge der mei in waarm en grutsk gefoel op werom.
Mar der klinkt ek spyt troch yn de wurden fan Jan Holtrop en Wim van Ligtenberg, om’t dy goeie tiid foarby is. Holtrop is projektlieder muzyk by Keunstwurk en sit al sa’n tritich jier yn it Fryske muzikale libben; Van Ligtenberg is âld-direkteur fan de MPA en it Fryske konservatoarium en komponist.
Foar beide bringt de reuny in soad nei boppen ta. Holtrop brocht de ôfrűne moannen in soad tiid troch mei it harkjen nei âlde opnames fan studinten en dosinten. Fan in kompilaasje fan tsien opnames is foar de reuny ien cd makke. ‘It is no hast net mear foar te stellen hoe’t de MPA yntegrearre wie yn it Fryske maatskiplik libben. Ast sjochst wat we net útfretten ha!’ Van Ligtenberg: ‘De MPA organiseerde ontzettend veel openbare activiteiten. Er waren veel avondconcerten, heel veel voorspeeluren in de kosterij van de Grote Kerk. Er werd veel experimenteel werk gedaan. De MPA en later het conservatorium waren echte voorlopers in de innovatie van de muziek.’ Holtrop follet oan: ‘Dy fernijende ympuls, dy kinst sa wer trasearje ast al dy âlde opnames belústerest.’ De profesjonele ynstituten hawwe in soad betsjut foar de Fryske kultuer, dęr binne se it gau oer iens. ‘Veel mensen beseffen niet dat dát het grootste verlies was toen het conservatorium naar Groningen ging’, seit Van Ligtenberg.

Van Ligtenberg wurke as technysk assistint op de medyske fakulteit fan de Universiteit Nijmegen, ear’t er nei Fryslân kaam. Muzyk wie wol syn grutte hobby, mar ynearsten wie er net fan doel om syn wurk derfan te meitsjen. Hy hold it by tuba- en tromboanespyljen, dirigearjen, komponearjen en arranzjearjen yn ’e frije tiid. Doe’t er begűn te twiveljen oan syn beropskar, sollisitearre er tagelyk op trije (adjunkt-)direkteursfunksjes by muzykskoallen yn Delfsyl, Terneuzen en de Surinaamske haadstęd Paramaribo. Om ferskillende redenen giene se alle trije net troch. Mar krekt doe’t Van Ligtenberg besleat om syn takomst dan mar yn de technyske wrâld te sykjen, makke immen him attint op in fakatuere by it Gemeentelijk Muziekinstituut yn Ljouwert. Van Ligtenberg krige de funksje en bedarre yn 1967 yn Ljouwert. In pear jier letter waard in nij oprjochte Muziekpedagogische Akademie losmakke fan it Gemeentelijk Muziekinstituut. Ljouwert wie de earste stęd yn Nederlân dy’t in MPA krige. Mei de managementűnderfining dy’t Van Ligtenberg yn Nijmegen opdien hie en mei in stęf dy’t ek wol wat fielde foar fernijing, hat de MPA fan it begjin fan syn bestean ôf in soad eksperimintele dingen oanpakt, fertelt Van Ligtenberg. It ynstitút ferhuze earst fan de Skrâns nei de Iewâl en letter fan de Iewâl nei it gebou fan it eardere stedsweeshűs, dęr’t no it Natuurmuseum yn sit. Der wie hieltyd romtegebrek.
Yn 1985 waard de MPA in konservatoarium, in troch de oerheid erkende hbű-oplieding. Om’t der troch nije regelingen te min studinten wienen om in selsstannige hbű-oplieding te bliuwen, waard it konservatoarium even letter űnderdiel fan de NHL. ‘Het werd een soort faculteit muziek’, seit Van Ligtenberg, dy’t noch goed wit wat de ôfspraken destiids wiene. ‘In 1987 is in een convenant vastgelegd dat het kunstonderwijs in Friesland bij eventuele vervolgfusies ontzien zou worden.’ Dat is lykwols net bard. Al by it Herenakkoord fan 1989 besleaten Fryslân en Grins op oantrunen fan de ministearjes fan Kultuer, Underwiis en Lânbou ta in ferdieling: Ljouwert krige de lânbou, Grins de muzyk en de keunsten. Wim van Ligtenberg krige in funksje yn Grins oanbean, mar besleat om dy net oan te nimmen. Oant syn pensjoen wurke er as ynterim-direkteur yn Arnhem en Swol en hie er noch in pear jier in eigen advysburo.
De fúzje hie op himsels noch net iens sa slim west, as de muzykpedagogyske oanpak en de fernijingskultuer fan it Ljouwerter konservatoarium yn Grins fuortset wienen. Dat barde lykwols net, seit Holtrop. ‘Yn Ljouwert wie de pedagogyske oanpak belangryk: musisy waarden net allinnich oplaat foar it wurk fan útfierend musikus, mar ek foar it űnderwiis. Yn Grins stie de muzykútfiering folle heger oanskreaun as it muzykűnderwiis.’ It ‘Fryske’ learplan, dęr’t pedagogyk sa belangryk yn wie, lei it ynearsten ôf tsjin de Grinzer oanpak. Pas de lęste jierren is in foarsichtige omslach te sjen op it Grinzer konservatoarium, seit Holtrop. Muzykűnderwiis liket syn âlde eare wer wat werom te krijen. ‘Mar it hat dus yn feite tweintich jier stillein en dat is wol hiel spitich.’ Dat it yn Grins ynearsten net goed gie, wie ek wol te sjen oan it tal learlingen. Foar de fúzje hie Ljouwert 250 konservatoariumstudinten en Grins 300. In pear jier nei de fúzje wienen der noch mar 150 muzykstudinten yn Grins. ‘Dat kaam foar in part troch in algemiene achterútgong fan de konservatoariumstudinten’, relativearret Holtrop. ‘Mar yn Grins wie dy achterútgong ekstreem.’

In tillefoantsje fan in âld-MPA-studint nei Holtrop brocht ferline jier it ien en oar yn gong. It idee foar in reuny űntstie en even letter ek it idee om in cd te meitsjen mei âlde opnames fan studinten. ‘Der binne bergen âlde opnames’, seit Holtrop. Hy hie thús wat argyfmateriaal, dat er nei de sluting fan it Ljouwerter konservatoarium ręde koe, der wiene yn Grins opnames te finen yn it konservatoariumargyf dęr’t nimmen wat mei die en technikus Jan Roorda, dy’t destiids de opnamen makke, hie ek noch it ien en oar. Fan kassettebantsjes dy’t Holtrop foarselektearre, makke Roorda de ôfrűne moannen digitale fersys. Ut de tsien cd’s dy’t dęrút űntstienen, is dęrop wer in seleksje makke foar ien cd mei tsien wurken. De cd is op de reuny oan de âld-studinten útrikt. Hy hat de titel Ure noch Tiid, nei in gedicht fan Berber van der Geest, dat op muzyk set is troch Johan de With. In tapaslike titel foar in reuny-cd, seit Holtrop. It liet begjint mei: ‘In tik is in tel, is in slinger yn ’e romte fan ’e tiid. Wa bisto? Hoe hjitsto? Wat dochst op dizze wrâld? Węr giest hinne?’
Op de reuny waard ek in oare cd presintearre, mei opnames fan komposysjes fan Wim van Ligtenberg. De opnames binne makke troch Jan Ottevanger fan Omrop Fryslân en wurde ek útstjoerd yn it radioprogramma Muzyk Maskelyn. ‘Van Ligtenberg hat in soad foar de Fryske muzykkultuer betsjut’, seit Holtrop, ‘dat wy hiene it idee al earder. Mar de cd wie noch net klear en no kaam it eins ek wol moai út.’ Yn tsjinstelling ta de ‘reuny-cd’ komt de opname fan Van Ligtenberg syn komposysjes yn ’e reguliere ferkeap.
Van Ligtenberg hat yn de rin fan de jierren alderhande ferskillende komposysjes makke. Hy folge syn oplieding yn ’e muzyk fia omwegen, űnder oare troch in steatseksamen en in soad priveelessen, en krige sa ek it komponearjen yn ’e macht. De cd dy’t no ferskynt, hat de titel Human Being, nei de grutste komposysje dy’t Van Ligtenberg makke hat. Hy skreau it wurk yn 1974, foar it tsienjierrich jubileum fan de Leeuwarder Cantorij, dy’t űnder lieding stie fan Jan Veninga. ‘Het mocht best een beetje spectaculair worden, een compositie van nieuwe snit, verzocht men mij’, fertelt Van Ligtenberg, dy’t op dat momint noch mar fiif jier yn Fryslân wurke en as komponist net sa bekend wie. Hy die wakker flyt op it wurk foar mingd koar, koperblazers en in stevige slachwurkbesetting. ‘Een naam die ik toch even genoemd wil hebben, is die van Hugo Kingmans’, seit Van Ligtenberg. ‘Hij was docent aan de kweekschool en schreef voor het Friesch Dagblad. Hij deed mij een heel goed idee aan de hand voor de tekst: de Verklaring van de Rechten van de Mens.’ Van Ligtenberg brűkte de oarspronklike, Ingelske tekst en folle dy oan mei de tekst fan Psalm 8 (‘Wat is de mens, dat Gij aan hem denkt’) en it Latynske gebed om frede, Dona Nobis Pacem. ‘In Psalm 8 staat weliswaar dat de mens bijna goddelijk is gemaakt, maar uit de Verklaring van de Rechten van de Mens blijkt wel dat we er niet zo veel van hebben terechtgebracht’, fertelt Van Ligtenberg oer de ynhâld fan syn muzykstik. Hy siket om in beskieden útdrukking, mar kin net oars sizze as: ‘Het sloeg in als een bom. Het werk stond voor de pauze gepland, tijdens het jubileumconcert in de Opstandingskerk. In de pauze is ter plekke besloten om het stuk nogmaals uit te voeren en de rest van het programma te laten vervallen.’ De resinsinten fan de beide Fryske kranten wiene út ’e skroeven. ‘De kennis van vernieuwende muziek was toentertijd in Friesland nog niet zo heel groot. Vandaag de dag is dat heel anders’, seit Van Ligtenberg.
It seit himsels dat dat hichtepunt út syn karrięre op de oersichts-cd fan syn wurk komme moast. Fan twa oare wurken is dat ek fanselssprekkend, mar dan om in hiel oare reden. Op de cd steane twa komposysjes fan keamermuzyk, skreaun foar solosang, hobo en hoarn, op Ingelske teksten. ‘Die beide werken zijn opgedragen aan mijn zoon, die in 2000 overleed’, seit Van Ligtenberg. ‘Die hebben dus een totaal andere gevoelswaarde.’
De komponist is bliid dat der in cd komt mei in oersjoch fan syn wurk. ‘Maar ik moet eerlijk zeggen: het grootste plezier is voor mij altijd geweest het moment dat een compositie af was en dat ik erdoorheen kon bladeren. Of iemand het stuk ook wilde uitvoeren, daar heb ik me nooit mee bemoeid. Al vond ik het altijd wel heel mooi als dat gebeurde, natuurlijk.’

Jan Holtrop en Wim van Ligtenberg sjogge beide mei in soad niget werom op de muzikale perioade dy’t mei beide cd’s yn byld brocht wurdt. Al ropt benammen de cd mei opnames út de MPA- en konservatoariumtiid tagelyk ek in wat tryst gefoel op. Der is in soad ferlern gien foar Fryslân, doe’t it konservatoarium sletten waard. Holtrop wie koartlyn noch foar opnames fan Omrop Fryslân yn it eardere konservatoariumgebou. ‘Dat wie hiel emosjoneel. Alles wat we opboud hiene, waard yn 1989 út dat gebou wei helle troch in beslút fan bestjoerders dy’t der mar sa’n bytsje doel oer hienen. Dat seach ik wer foar my. In kollega hat destiids noch doazen mei foto’s ręden dy’t oan ’e dyk stienen om ophelle te wurden. In moaie perioade is altyd tydlik, dat witst. Mar wat is it spitich foar de talinten dy’t ferdwűn binne.’
Mar gelokkich oerhearsket noch altyd it gefoel fan grutskens om wat yn Fryslân koe en wat út ein set is. Van Ligtenberg en Holtrop hawwe gjin inkele muoite om nammen te neamen fan minsken dy’t der as jonge learling of wat âlder as konservatoariumstudint yn kamen en no bekende nammen binne: Jan de Haan, Jacob Slagter, Lieuwe Toren, Hoite Pruiksma, Johan Faber, Jurjen Hempel. Harren beroppen jouwe oan dat de Ljouwerter oanpak nea iensidich west hat en dat de oandacht foar de pedagogyk de muzykútfiering net yn ’e wei sitten hat. Dy beroppen binne respektivelik: muzykútjouwer, solohoarnist fan it Koninklijk Concertgebouworkest, direkteur fan de Snitser muzykskoalle, dirigint-komponist, komponist-slachwurker en ynternasjonaal ferneamd dirigint. De Ljouwerter muzykoplieding hat syn spoaren neilitten.